Springe nei ynhâld

David Herman

Ut Wikipedy
David Herman (2024)

David Herman (New York, 20 febrewaris 1967) is in Amerikaansk komyk en akteur.

Herman wie in fêst lid fan de cast fan MADtv en spile de rol fan Michael Bolton yn de kultfilm Office Space. As stimakteur hat er ûnder oare meiwurke oan animaasjesearjes lykas Bob's Burgers, Futurama en King of the Hill.

Njonken syn wurk as telefyzje-akteur hat Herman ek spile yn films lykas Dude, Where's My Car? en Fun with Dick and Jane.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]