Springe nei ynhâld

Erika Alexander

Ut Wikipedy
Erika Alexander
akteur
Erika Alexander yn 2012.
Erika Alexander yn 2012.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeErika Rose Alexander
nasjonaliteit Amerikaansk
berne19 novimber 1969
berteplakWinslow (Arizona)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
jierren aktyf1986 – no
prizen2× NAACP Image Award
offisjele webside
www.erikaalexander.com

Erika Alexander (folút: Erika Rose Alexander; Winslow (Arizona), 19 novimber 1969) is in Amerikaansk tillefyzje- en filmaktrise fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Hja is it bekendst wurden mei rollen yn 'e komeedzjesearjes The Cosby Show, Living Single en Last Man Standing.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alexander waard yn 1969 berne yn Winslow, yn 'e Amerikaanske steat Arizona, as de dochter fan Shaun Alexander, in ûnderwizer, en dy syn frou Sammie, in berneboekeskriuwster. Se wie ien fan seis bern yn 'e húshâlding fan har âlden. Alexander brocht har iere jonkheid troch yn Flagstaff, yn Arizona, oant it gesin yn 1980, doe't se alve jier wie, ferhuze nei Philadelphia, yn Pennsylvania, dêr't se de middelbere skoalle trochrûn.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1986, doe't se santjin jier wie, sette Alexander útein mei in karriêre as aktrise. Op 'e tillefyzje makke se dat jiers har debút mei in lyts roltsje yn 'e tillefyzjefilm George Washington II: The Forging of a Nation, wylst se op it wite doek te sjen wie mei lytse byrol yn 'e spylfilm My Little Girl. Yn 1989 hie se in rol yn 'e minysearje The Mahabharata, oer it epysk gedicht út it hindoeïsme mei deselde namme, en yn 1990 wie se te sjen yn 'e film oer de Amerikaanske boargerrjochtebeweging The Long Walk Home, mei û.o. Whoopi Goldberg. Ek hie se datselde jiers in gastrol yn 'e plysjesearje Law & Order.

Alexander briek yn 1990 troch as Pam Tucker yn 'e tige populêre komeedzjesearje The Cosby Show. Dat wie in weromkearende rol dy't se oant 1992 yn 21 ôfleverings fertolke. Neitiid hie se yn 1992 en 1993 yn 'e tillefyzjesearje Going to Extremes yn 17 ôfleverings in weromkearende rol as Cheryl Carter. Yn dyselde snuorje wie se ek te sjen yn 'e films He Said, She Said (1991) en Fathers & Sons (1992).

Yn 'e Feriene Steaten waard Alexander it bekendste mei de fêste rol dy't se fan 1993 oant 1998 hie as de skerptongige abbekate Maxine "Max" Shaw yn 'e komeedzjesearje Living Single. Foar dy rol wûn se ferskate prizen, wêrûnder twaris (yn 1996 en 1998) de NAACP Image Award yn 'e kategory treflike aktrise yn in komeedzjesearje. Fan 2002 oant 2003 hie Alexander twa seizoenen lang de fêste rol fan reklassearringsamtner Dee Mulhern yn 'e searje Street Time. Fierders wie se op it wite doek te sjen yn û.m. 30 Years to Life (2001), Full Frontal (2002), en Brave New Jersey (2016). Yn 2009 hie se yn 'e film La Mission akteur Benjamin Bratt as tsjinspiler. Fierders spile se yn 2006 yn 'e science fiction-film Déjà Vu, mei Denzel Washington, en yn 2017 fertolke se de rol fan resjersjeur Latoya yn 'e goed ûntfongen horrorfilm Get Out.

Alexander spile ek yn 'e minysearje Mama Flora's Family (1998), en se wurke mei oan 'e fideoklip fan it nûmer You're Makin' Me High, fan sjongster Toni Braxton. As stimaktrise wie se belutsen by twa ôfleverings fan 'e tekenfilmsearje The Zeta Project. Se hie gastrollen yn plysjesearjes as Law & Order: SVU (2004), CSI: Crime Scene Investigation (2007), CSI: Miami (2007), Criminal Minds (2009) en NCIS: New Orleans (2014), yn 'e sikehûssearjes ER (2006), House (2011) en Grey's Anamtomy (2015) en yn 'e dramasearje Suits (2012). Weromkearende rollen fertolke Alexander yn û.m. searjes as Judging Amy (2001), Low Winter Sun (2013) en Beyond (2017).

Fan 2012 oant 2015 hie Alexander ien fan har bekendste rollen yn 'e komeedzjesearje Last Man Standing, as Carol Larabee, de Afro-Amerikaanske buorfrou fan Vanessa Baxter (spile troch Nancy Travis), dy't it oanhâldend nedich fynt om te bewizen dat se net rasistysk is, mei stiiffêst as gefolch dat se wol deeglik sa oerkomt. Fan 2016 oant 2017 spile Alexander de rol fan Constance Irving yn seizoen 2 fan 'e dramarige Bosch. Ek hie se weromkearende rollen yn 'e dramasearje Queen Sugar (2016), de fantasytillefyzjesearje Beyond (2017-2018) en de superheldesearje Black Lightning (2019). Letter yn 2019 spile se yn 'e dramasearje Wu-Tang: An American Saga.

Skriuwkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alexander skreau yn 2012 mei har doetiidske man Tony Puryear de grafyske roman fan it science fiction-sjenre Concrete Park. Yn 2018 skreau se tegearre mei tillefyzjeprodusint Joss Whedon it alfde seizoen fan 'e Buffy the Vampire Slayer-strip Giles.

Fan 1997 oant 2017 wie Alexander troud mei senarioskriuwer en keunstner Tony Puryear. Under de foarferkiezings fan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2008 fierde Alexander aktyf kampanje foar Hillary Clinton en reizge se mei Chelsea Clinton de kampussen fan Amerikaanske universiteiten ôf. Alexander is ek ien fan 'e oprjochters (mei Ben Arnon) fan Color Farm Media, in entertainmentbedriuw dat maatskiplik belutsen wêze wol. Yn 2020 brocht dat de tige goed ûntfongen dokumintêre John Lewis: Good Trouble út, oer de Afro-Amerikaanske minskerjochte-aktivist John Lewis.

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1986ABC Afterschool Special?ôfl. Teen Father
1986George Washington II: The Forging of a Nation   Oneytillefyzjefilm
1989The MahabharataMadri / Hidimbaaminysearje
1990Common GroundCassandra Twymonminysearje
1990Law & OrderDoris Carvergastrol; ôfl. Poison Ivy
1990The Last Best YearAmytillefyzjefilm
1990–1992The Cosby ShowPam Tuckerfêste rol yn seizoen 7–8
1992–1993Going to ExtremesCheryl Carterfêste rol
1993–1998Living SingleMaxine "Max" Shawfêste rol
1994Override?tillefyzjefilm
1998Mama Flora's Familyde jonge Floraminysearje
1999KnitWits RevisitedAminatillefyzjefilm
2001The Zeta Projectaginte Rushas stimaktrise; gastrol; 2 ôfl.
2001Judging AmyFran Winstonweromkearende rol yn seizoen 2–3
2002–2003Street TimeDee Mulhernfêste rol
2004Law & Order: Special Victims UnitKema Mabudagastrol; ôfl. Ritual
2004LAXAllisongastrol; ôfl. Thanksgiving
2005Half & HalfMaxine "Max" Shawgastrol; ôfl. The Big Performance Anxiety Episode
20057th HeavenLynn Milesgastrol; ôfl. Leaps of Faith
2006In JusticeAlyssa Hillgastrol; ôfl. The Ten Percenter
2006HeistSaundra Johnsonweromkearende rol
2006ERVatima Abikagastrol; ôfl. No Place to Hide
2006Sixty Minute ManJanetillefyzjefilm
2007Side Order of LifeColettegastrol; ôfl. Pilot
2007CSI: Crime Scene Investigationassistint-ofsier fan justysje Kirksongastrol; ôfl. The Case of the Cross-Dressing Carp
2007Numb3rsU.S. marshal Tricia Yaeggergastrol; ôfl. In Security
2007CSI: MiamiTanya Thorpegastrol; ôfl. Guerillas in the Mist
2009Criminal Mindsresjersjeur Lynne Hendersongastrol; ôfl. The Big Wheel
2010In Plain SightTheresa Simmonsweromkearende rol yn seizoen 3
2011Housefrou Fieldsgastrol; ôfl. Two Stories
2012SuburgatoryGloriagastrol; ôfl. The Motherload
2012SuitsSarah Leightongastrol; ôfl. Discovery
2012–2015Last Man StandingCarol Larabeeweromkearende rol yn seizoen 2–5
2013Low Winter SunLouise "L.C." Cullenweromkearende rol
2014Let's Stay TogetherBlancheweromkearende rol yn seizoen 4
2014NCIS: New Orleanskaptein-luitenant-op-see Louanne Bates   gastrol; ôfl. Carrier
2015Grey's AnatomyJohanna McKaygastrol; ôfl. Crazy Love
2015Faux ShowLindatillefyzjefilm
2016Recovery Roadmem fan Trishgastrol; ôfl. My Loose Thread
2016Queen SugarLeAnneweromkearende rol; 2 ôfl.
2016–2017BoschConnie Irvingweromkearende rol yn seizoen 2–3
2017–2018BeyondTess Shoemakerweromkearende rol
2018InsecureYolandaweromkearende rol yn seizoen 3
2018–2019Black LightningPerennaweromkearende rol yn seizoen 2
2019–2020Wu-Tang: An American SagaLinda Diggsfêste rol
2021Run the WorldBarbweromkearende rol
films
1986My Little GirlJoan
1990The Long Walk HomeSelma Cotter
1991He Said, She SaidRita
1992Fathers & SonsVenell
199854Ciel
200130 Years to LifeJoy
2002Love LizaBrenda
2002Full FrontalLucy
2004TricksLaurel
2006Déjà VuShanti
2009La MissionLena
2014Elsa & FredLaverne
2014Secrets of the Magic Cityfrou Fletcher
2016UndoneAndrea Rosekoarte film
2016Brave New JerseyHelen Holbrook
2017Get Outresjersjeur Latoya
2019I See Youluitenant Moriah Davis
202?American Refugee

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.