Springe nei ynhâld

Graupiper

Ut Wikipedy
graupiper
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljegraupiperfûgels (Prunellidae)
skaaigraupipers (Prunella)
soarte
Prunella modularis
Linnaeus, 1758
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     eksoat


De graupiper is in sjongfûgel út it skaai fan 'e graupipers (Prunella) en de famylje fan 'e graupiperfûgels (Prunellidae).

Frysk: toarnkrûper, toarnmosk, toarnhipper, bastertnachtegaal; Noardfrysk: kurnfink; Nederlânsk: hegge(n)mus; Grinslânsk: graawpiper; Nedersaksysk: Hegemors; Nederdútsk: Heegenmüüsken; Eastfrysk (Nederdútsk): Heegbruuntje; Dútsk: Heckenbraunelle, Ingelsk: Dunnock.

Foarkommen en rop

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De graupiper is in 14 oant 15 sm lange fûgel, wat lytser as in mosk, mei in tinne snaffel. Mantsjes en wyfkes sjogge der itselde út. De kop is laaigriis, it liif is brún mei donkere streken. It roppen is in heech 'tsiet'.

Ofbylden

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De graupiper komt hast yn hiel Jeropa foar. 95% fan it ferspriedingsgebiet fan 'e graupiper leit yn Jeropa. Yn Nederlân briede sa'n 200.000 pearen, mar yn it Noardeasten (Grinslân, Fryslân, Drinte) komt de graupiper stikken minder foar as fierder yn it lân. De soarte wurdt yn Nederlân talriker as Noardjeropeeske fûgels op 'e trek oer ús lân fleane. Nederlânske graupipers binne stânfûgels. Yn Nij-Seelân is it in eksoat.

Der wurde acht ûndersoarten fan 'e graupiper erkend mei de folgjende fersprieding:

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Aaien fan 'e graupiper

Graupipers hawwe territoaria dy't inoar oerlaapje kinne. In wyfke kin mear as ien mantsje hawwe en in mantsje mear as ien wyfke. Se bouwe harren nêst leech boppe de grûn. It earste lechsel, ornaris yn april, is fanwegen de noch keale strûken in maklike proai foar rôvers. It twadde lechsel, yn juny-july, hat meastal mear súkses. Yn guon dielen fan it ferspriedingsgebiet, lykas yn Ruslân, briedt de soarte wat letter. It lechsel bestiet út 4-6 grienblauwe aaien dy't 13-14 dagen bebret wurde. De jonge fûgels wurde noch 11-14 dagen troch beide âlden fuorre.

Simmerdeis ite se rûpen, larven, spinnen ensafuorthinne, winterdeis foaral sied.

De wrâldpopulaasje en it ferspriedingsgebiet fan 'e soarte binne tige grut. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de soarte as 'net bedrige' (Least Concern, LC). De grutte fan 'e populaasje waard yn 2012 op 25 miljoen oant 44 miljoen folwoeksen fûgels rûsd. Oannommen wurdt lykwols dat de soarte yn oantallen ôfnimt.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: