Wayback Machine

De Wayback machine is in digitaal argyf fan it Wrâldwide Web (Ingelsk: World Wide Web) en oare ynformaasje op it ynternet. mei dy tsjinst kinne brûkers websiden argivearje en argivearre siden op in letter stuit wer opfreegje. Dat is benammen handich foar it weromfinen fan siden dy net mear bestean. De tsjinst, dy't op 25 oktober 2001 foar it publyk lansearre waard, stelt brûkers yn steat om "werom yn 'e tiid" te gean en te besjen ho't de yn de katalogus opnommen websiden der yn it ferline útseagen.
It argyf wurdt beheard troch it Internet Archive (in non-profitorganisaasje fêstige yn San Fransisco, Feriene Steaten). It waard oprjochte troch Brewster Kahle en Bruce Gilliat en wurdt ûnderholden mei help fan Alexa Internet. Harren fyzje is en argivearje gâns it ynternet.[1]
De organisaasje argivearret al sûnt 1996 siden op syn Linux-servers. Om de pear wike of moanne wurde argivearre siden fannijs besocht en wurdt der in nije ferzje oanmakke as de ynhâld wizige is. Brûkers meie ek keppelings ynfiere om dy te aktivearjen. It doel is om ynformaasje fêst te lizzen dy't oars ferlern gean soe wannear't in webside feroaret of sletten wurdt.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|